Mem famke Cheyenne frijlitten

De flat yn Eindhoven dêr't it famke fûn is
De mem fan pjut Cheyenne dy't begjin april troch swiere mishanneling om it libben kaam is, is sûnt 1 july wer frij. De rjochtbank fan Den Bosch hat har om persoanlike redenen frijlitten. Justysje giet net yn berop tsjin it beslút. De mem út Drachten bliuwt wol beskikber foar psychologysk en psychiatrysk ûndersyk. De freondinne fan 'e mem sit noch wol fêst. Sy moat op 27 septimber foarkomme. It is noch ûnbekend wannear't de mem foarkomme moat.