Dronken automobiliste yn Grou

13 jul 2010 - 10:20

De plysje hat moandeitemiddei it rydbewiis ynnaam fan in 60-jierrige frou út Jirnsum. Se waard op de Oedsmawei yn Grou oanhâlden doe't se mei te folle drank op in auto bestjoerde. De plysje wie ynskeakele omdat de frou by it fuortriden in stekje rekke hie.

De frou krige ek in rydferbod fan tolve oeren en in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)