Hûn mei opset sin ferdronken

13 jul 2010 - 10:04
  • Foto's: Omrop Fryslân

By it gemaal fan Roptasyl is in deade hûn yn in sporttas fûn. De tas is swierder makke mei stiennen. De plysje giet derfan út dat de hûn noch libbe doe't de tas yn it wetter smiten waard.

In fisker fûn de sporttas mei de hûn en it wetterskip melde it by de plysje. It bist hie gjin chip en dêrom siket de plysje no de eigner. It giet om in swartgrizich wyfke mei krolhier. It bist is in jier of seis, sân jier âld en hat in reade halsbân om mei in read boerebûsdoekje deroan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)