Snitser ambuboat nei huldiging

13 jul 2010 - 09:42

By de huldiging fan it Nederlânsk alvetal yn Amsterdam wurdt ek in ambulânseboat út Snits ynset. It giet om de boat fan it Antoniussikehûs. Hy is moandei op in trailer nei Amsterdam ferfierd en it personiel is ek nei de haadstêd reizge. De rûte is ûnderwilens ek al ferkend.

De ambulânseboat wurdt oars benammen brûkt by grutte wettersportevenementen yn it súdwesten fan Fryslân. De boat hat deselde útrêsting as in gewoane ambulânse op 'e dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)