Mear kontrôle op fiskers

12 jul 2010 - 21:00

Fiskers op it Fryske wetter sille tenei faker kontrolearre wurde mei in nije boat fan Hengelsportfederaasje Fryslân. Sûnt twa jier binne trije bysûndere opspoaringsamtners dwaande mei it kontrolearjen fan fiskers.

De angelsportfederaasje fiert de kontrôles út yn gearwurking mei oare organisaasjes, lykas it fiskstreuperijteam en de plysje. De opspoaringsamtners kontrolearje ûnder oare de fiskpas en it aas dat brûkt wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)