Sammel-cd 75 jier Snitswike

Yn ferbân mei 75 jier Snitswike hat feestband De Zware Jongens in spesjale sammel-cd mei Snitser ferskes útbrocht. Dêr stean 21 nûmers op fan ferskate Snitser artysten lykas Tom Wentink, Thierry Kamminga, Frekie en Foeke en DJ Dieter. De Blauhúster Dakkapel ûntbrekt ek net.
De earste trije eksimplaren fan de cd binne moandei útrikt oan de Snitser wethâlders. De 1200 cd's komme net yn de frije ferkeap, mar binne opkocht troch Snitser bedriuwen