Fakânsjes hieltyd letter boekt

12 jul 2010 - 19:40

Toeristen boeke hieltyd letter harren fakânsje, mar op de Waadeilannen begjint it toeristeseizoen no aardich te rinnen. It tal boekings yn Fryslân kaam dit jier ûnder oare stadich op gong troch de lange winter en it WK fuotbal.

Op It Amelân liket it seizoen better te wurden as ferline jier. Mar mooglik komme de prizen wol ûnder druk te stean.Toeristen meitsje nammentlik graach gebrûk fan last-minutes en oanbiedings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)