Ekstra jild nedich foar diken

Yn Menameradiel binne takom jier nochris tonnen ekstra nedich foar ûnderhâld oan diken. Dit jier is al goed 7 ton útlutsen, mar dat jild giet foar in grut diel op oan it oanpakken fan de skea troch de froast fan ôfrûne winter. Op in pear plakken sitte grutte gatten yn it asfalt.
De froast fan dizze winter koe safolle skea feroarsaakje, omdat it ûnderhâld oan de diken al min wie. Yn septimber krijt de ried in folslein oersjoch fan 'e tastân fan 'e diken