Eksport griente en fruit goed

It giet goed mei de eksport fan griente en fruit út Nederlân. Ek de Fryske kwekers profitearje dêrfan. Foaral de fraach nei parren, tomaten en paprika's is it lêste healjier bot tanaam in ferliking mei deselde perioade ferline jier. Mar ferline jier wie it minste jier ea.
De ferwachting is dat de túnkers dit jier krekt de kosten derút helje. Ien en oar betsjut wol dat it tal túnkers de lêste jierren bot ôfnaam is. It tal kassen is lykwols justjes groeid.