Swierwaar yn Fryslân

12 jul 2010 - 12:19

Swiere rein- en tongerbuien soargje moandei foar oerlêst yn Fryslân. Yn Ljouwert is bygelyks de Harnzer Strjitwei foar in part ûnder wetter rûn. Oare meldingen komme fan de Twibaksmerk en de Douwe Kalmaleane. Foar de hiele middei jildt in warskôging foar swiere tongerbuien.

En ek yn Beetstersweach koene se op guon plakken it reinwetter net oan. Sa kaam in parkearterrein ûnder wetter te stean en by it gemeentehûs kaam it wetter sels troch it dak hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)