Westerener oppakt nei rûzje
In 45-jierrige man fan De Westereen is sneintejûn oanhâlden nei in rûzje oer in ferkearsynsidint. De plysje waard warskôge dat de man twa minsken mishannele hie op de Verlengde Stationsstrjitte.
By syn oanhâlding bedrige en misledige de man de plysje. Hy hie ek in wapen yn 'e bûse. De Westerener sit fêst op it plysjeburo.