Ferwûne by brân yn Menaam

11 jul 2010 - 16:55

Yn Menaam is yn 'e nacht fan sneon op snein in hok útbaarnd nei alle gedachten neidat de wjerljocht ynslein wie. It hok stie njonken in wenhûs oan 'e Ryksstrjitwei en der sieten ek bisten yn. Ien fan 'e bewenners hat brânwûnen oprûn nei't er it hok yngien wie om de bisten te rêden. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

De plysje hat by it útmeitsjen fan 'e brân assistinsje fan 'e brânwacht hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)