Auto yn sleat njonken A7

11 jul 2010 - 13:52

In 36-jierrige automobilist fan De Jouwer is sneintemoarn lichtferwûne rekke by in ûngelok op de A7 tusken De Tynje en Tsjalbert. De man ried op 'e linkerbaan rjochting Grinslân doe't er útwike moast foar in auto foar him. Dy kaam ynienen ek de linkerbaan op.

De Jouster rekke yn 'e berm en dêrnei slipte syn auto. Hy sloech oer de kop en kaam yn 'e bermsleat ta stilstân. De man koe sels út 'e auto komme. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)