Jannick de Jong nei EK-finale

11 jul 2010 - 13:47

Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk is nei syn polsblessuere wer hielendal werom. Hy hat him sneon yn Aduard pleatst foar de EK-finale yn it Frânske La Reole.Yn de searjes waard De Jong ien kear twadde en trije kear earste. Yn de A-finale om de deipriis kaam er troch in minne start net fierder as it tredde plak.

De oerwinning yn Aduard gong nei de Dútser Jörg Tebbe, foar Mark Stiekema. Dirk Fabriek en Theo Pijper hiene hat earder al pleatst foar de EK-finale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)