Fjochterij boppe-op auto

De plysje hat sneontejûn in 21-jierrige man fan It Hearrenfean oanhâlden yn syn wenplak foar mishanneling. Hy wie belutsen by fjochterij. Tsjûgen hiene de plysje belle en dy hat de man meinaam nei it buro. By de fjochtpartij rekke in 45-jierrige Feanster ferwûne oan it gesicht.
Under it fjochtsjen hawwe twa manlju op in auto stien. De auto krige dêr skea troch. De oanlieding fan 'e slaanderij is noch ûndúdlik.