Mei de bus nei de huldiging

Nije Easterstrjitte yn Ljouwert
Arriva set tiisdei ekstra bussen yn om minsken út Fryslân nei de huldiging fan Oranje yn Amsterdam te bringen. De fuotbalspilers fan it Nederlânsk alvetal meitsje earst in rûnfeart troch de grêften. Dêrnei wurde se huldige op it Museumplein.
Opstappe kin by Van der Valk yn Drachten, by de stasjons fan Grou, It Hearrenfean en Ljouwert en by de rotonde fan de Jouwer. Opjaan kin oant moandeitemiddei 3 oere op 050-5260268. De kosten binne 25 euro.