Swimmersjokte en blau-alch

11 jul 2010 - 12:40

Yn 'e Heidemar by It Hearrenfean is swimmersjokte fêststeld. Fierders sit der blau-alch yn 'e ynstekhaventsjes oan de Warring en it Foardek en yn de passantehaven Nijehaske. De alch is ek oantroffen yn de Feanskieding, de Ingelenfeart en de Kompanjonsfeart oant de Heidebuorren en Nijbuorren.

Blau-alch kin skealik wêze foar de sûnens. Swimmersjokte is lestich, mar net gefaarlik. Der binne buorden pleatst om minsken te warskôgjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)