Needwaar soarget foar skea

11 jul 2010 - 09:42

De swiere tongerbuien fan sneontejûn en -nacht hawwe foar in soad skea en oerlêst soarge. Yn Ychtenbrêge baarnde in garaazjebedriuw oan de Haadwei út nei't de bliksem ynslein wie. Yn de garaazje stie in grut tal oldtimers. Yn Wynjewâld baarnde in pikestâl út. Dêr wie de wjerljocht ek ynslein.

De brânwacht hie it fierders drok mei omwaaide beammen en it leechpompen fan kelders. Under oare yn Drachten, Hurdegaryp en op Flylân kamen strjitten ûnder wetter te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)