Ljouwerter sinneboat earst

10 jul 2010 - 16:10

It Private Enerzy Solarteam út Ljouwert hat de Frisian Solar Challenge yn de topklasse wûn. Neffens it team komt it foaral troch de betrouberens fan de boat, dat se krekt wat hurder farre as it team fan TU Delft, dat as twadde einige is.

De Technyske Universiteit Delft hat de foarige twa edysjes fan de Frisian Solar Challenge wûn. Hûnderten minsken soargen sneon foar in waarm wolkom by de finish yn 'e Prinsetún yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)