Te hurd yn Ljouwert: 20 boetes

De plysje hat freed yn Ljouwert goed tweintich bekeurings jûn foar te hurd riden. Op 'e Poptawei krigen seis automobilisten in boete en op de Dammeleane rieden tolve minsken te hurd.
In snorfytser út Drachten moast syn rydbewiis ynleverje, omdat er 55 kilometer ried, wylst in snorfyts net hurder ride mei as 25 kilometer yn 'e oere. Op 'e Aldlânsdyk giene nochris trije automoblisten op 'e bon foar te hurd riden.