Lestige Emmeloorder oppakt

De plysje hat op It Hearrenfean in 31-jierrige man út Emmeloord oanholden foar mishanneling en fernieling. Neffens tsjûgen wie er in kroech oan de Oude Koemarkt útset omdat er him ferfelend gedroech. Bûtendoar bedrige er omstanners en gie er op 'e fûst mei manlju. De Emmeloorder rekke dêrby lichtferwûne.
Doe't de manlju fuort soene, smiet de fertochte in stien nei harren. Dy kaam tsjin in taksy oan en ketste doe tsjin de rêch fan 'e taksysjauffeur oan.