Tryater koartet produksje yn

Foto: Omrop Fryslân
Tryater fiert de foarstelling yn de Ljouwerter nijbouwyk de Súdlannen allinnich dit jier op. De produksje soe in trijelûk wurde dat de kommende jierren spile wurde soe. Mar dat is net mear te beteljen no't der kwalik mear huzen boud wurde yn 'e nijbouwyk. Dat hawwe de akteurs en aktrises fan it Fryske teaterselskip te hearren krigen.
It stik giet oer minsken dy't yn in nijbouwyk komme te wenjen. It stik giet yn septimber yn premjêre.