Wolkom troch oranje F-16

10 jul 2010 - 11:35
  • Oranje F-16 (foto: AVDD, Eric Vorstenbosch)

In oranje F-16-fleantúch fan de fleanbasis yn Ljouwert sil moandei it Nederlânsk alvetal ûntfange op de lânsgrins fan Nederlân. Demoteam fleaner kaptein Tobias Schutte sil tegearre mei noch in jachtfleantúch it stjerreteam fan coach Bert van Marwijk begeliede nei Skiphol yn Amsterdam.

Schutte swaaide it Nederlânsk alvetal begjin juny ek út by de lêste oefenynterland tsjin Hongarije troch boppe de Arena yn Amsterdam te fleanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)