AZC Appelskea ticht

09 jul 2010 - 21:48

It asylsikerssintrum yn Appelskea giet ticht. It COA (Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers) wie tige tefreden en woe wol fierder, mar de gemeenteried fan Eaststellingwerf fûn dat it nei tsien jier genôch wie. It kontrakt is op tiid opsein sadat foar alle 450 bewenner in plakje socht wurde kin.

It AZC giet pas yn septimber ticht, mar freedtejûn waard it ôfskiedsfeest hâlden foar alle bewenners, frijwilligers en it personiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)