Bok Abe foarseit winner WK

09 jul 2010 - 15:04

Op de bernebuorkerij yn Stiens wurdt freedtemiddei dúdlik hokker ploech it WK fuotbaljen winne sil. Omrop Fryslânbok Abe wurdt dan loslitten op twa kroppen slaad: ien mei in Nederlânsk flachje en ien mei in Spaansk flachje.

Hokker krop slaad haffelet er as earste op? Wurdt it it Hollânske dan is it wis dat Oranje snein kampioen wurdt. Of giet de geit dochs foar it Spaanske krop slaad? De WK-spanning op dizze waarme dei nimt mei de minút ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)