Amelân wol kenniskampus

09 jul 2010 - 10:48

It Amelân wol in kenniskampus foar studinten fan hegeskoallen en universiteiten. Dat seit boargemaster Albert de Hoop. Yn de kenniskampus moat plak komme foar 30 oant 50 studinten. De gemeente is drok oan it lobbyen by ûnderwiisynstellings.

De earste reaksjes binne posityf. De kosten foar de nije kampus wurde rûsd op ien miljoen euro. In grut part dêrfan sil betelle wurde moatte troch gemeente en provinsje. Wannear't de kampus der komt is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)