Boarterstún Drachten fernield

09 jul 2010 - 10:45

In groep fan fiif jonges hat tongersdeitejûn in spoar fan fernielings achterlitten yn in boarterstún yn Drachten. De boarterstún sit oan de Terskflier yn de Drachtster wyk De Trisken.

De groep luts dêr in ferankere picknicktafel út de grûn en fernielde boarterstastellen. De plysje wit net wa't de leden fan de groep fandalen binne. De plysje freget dêrom minsken dy't wat sjoen hawwe om kontakt mei har op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)