As winsk in jeu-de-boules-baan

08 jul 2010 - 23:37
  • De nije baan op It Hearrenfean

De jeu-de-boules-baan op it Geerts Willigenplein op It Hearrenfean is tongersdei offisjeel iepene. De baan is in winsk dy't nei foarren kaam is út in enkête fan de bewennersorganisaasje.

It is neffens wethâlder Siebren Siebenga in moai foarbyld fan as bewenners sels de ferantwurdlikheid nimme foar de eigen omjouwing. De jeu-de-boules-baan is betelle út it budzjet dat beskikber is foar de wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)