Seis prizen by Junior Rely

08 jul 2010 - 21:55

De sjuery fan de Junior Rely 2010 hat bekendmakke dat dit jier fjouwer ferhalen en twa fersen yn oanmerking komme foar in Junior Rely-priis. De earste priis by de ferhalen is foar Mette Silke Alkema út Akkrum mei it ferhaal 'Ferlern'. By de fersen is de earste priis foar Floor Wip út Burchwert mei it fers 'Do bist...'.

Yn totaal waarden der in lytse hûnderttweintich ferhalen en gedichten ynstjoerd. De jildprizen wurde begjin oktober útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)