Frou ferliest medisinen

08 jul 2010 - 18:51

Yn in natuergebiet oan de Eilewyksreed yn Aldhoarne hat in frou tongersdeitemiddei in oantal medisinen ferlern. It giet om saneamde betablokkers en bloedfertinners. De medisinen binne yn blauwe doaskes ferpakt.

De plysje ropt minsken dy't de medisinen fine op mei de plysje te beljen en de medisinen beslist net yn te nimmen, want dit kin gefaarlik wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)