Bouwmeester kânshawwer op WK
Sylster Marit Bouwmeester fynt de omstannichheden op it wrâldkampioenskip net yn har foardiel. De sylster út Warten docht fan freed ôf mei oan it WK yn de Laser Radial. Se is al twa wiken yn it Skotse Largs. De omstannichheden binne bot wikseljend, it wetter leit tusken de bergen. Faak is der minder wyn en Bouwmeester hâldt der fan as der in wat hurdere wyn stiet.
Bouwmeester is ien fan de favoriten op it WK.