Behear Waadsee te fersplintere

08 jul 2010 - 16:44

It behear fan de Waadsee is noch te fersplintere. Dat seit boargemaster Visser fan Skylge yn reaksje op in advys fan buro Berenschot. Dat hat ûndersyk dien yn opdracht fan twa ministearjes en de Waadprovinsjes. Minder bestjoersorganen moatte mei it Waad dwaande wêze, is de útkomst.

Neffens Visser is it advys in goed útgongspunt foar in diskusje oer wa't wat docht. Mar oer it behear sels is noch net sa folle werom te finen, wylst dat wol hieltyd wichtiger wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)