Tredde pream yn gebrûk naam

08 jul 2010 - 13:47

De stichting Preamfarren yn Ljouwert hat in nije, tredde pream yn gebrûk naam. De stichting hâldt rûnfearten mei gasten troch de grêften en oare wetters fan Ljouwert. De nije boat fart op akku's en kin ek op biodisel oerskeakelje.

De nije pream is noch net doopt. Hy waard tongersdei al wol ynset om skoalbern nei de Ljouwerter bosk, benoarden Ljouwert, te bringen. De bern hiene in ekskurzje fan it Frysk Natuermuseum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)