Fryske huzeprizen sakje

08 jul 2010 - 10:59

It giet noch hieltyd min mei de wenningmerk yn Fryslân. Tsjin de ferwachting fan de NVM yn is der sprake fan in delgong fan 4,5 % fan de huzeprizen. It tal hûzen dat te keap stiet, nimt noch hieltyd ta.

Foarsitter Kok fan de NVM-makelders yn Fryslân sprekt fan in soarchwekkende tastân. Benammen mei de ferkeap fan apparteminten wol it hielendal net. Neffens Kok binne wenningkeapers en ferkeapers ûnseker wurden troch de fal fan it kabinet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)