NAM boarret wer by Muntsjesyl

08 jul 2010 - 10:40

De Nederlandse Aardolie Maatschappij NAM sil heal augustus tydlik in boarynstallaasje pleatse by Muntsjesyl. Dy is nedich om it lêste gas dat der yn 'e grûn sit nei boppen te heljen. It giet dan om sa'n 250 miljoen kúb, genôch om in stêd lykas Ljouwert fjouwer jier fan gas te foarsjen. Der wurdt al sa'n 20 jier gas wûn by Muntsjesyl.

De tydlike boarsynstallaasje bliuwt der in tal wiken stean, de winning sels duorret noch in jiermannich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)