Plysje siket oanrande frou
De plysje is op syk nei in slachtoffer fan in oanranding, mids desimber yn Ljouwert. In fertochte yn in oare saak hat ferklearre dat op in nacht yn desimber oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert in frou fan 'e fyts lutsen hat. De frou aksele bot tsjin en dêrom naaide de man út.
De plysje wit net wa't it slachtoffer is en wol graach mei har yn kontakt komme.