Winner wynturbinetest bekend

07 jul 2010 - 21:43

Mear as seishûndert minsken hawwe sûnt febrewaris dit jier de saneamde wynturbinetest dien op ynternet. Op in spesjale side waard byld en lûd fan in wynmûne kombinearre. Troch op stop te drukken koe men sels beslute hoelang't dy kombinaasje fan lûd en byld te fernearen wie.

Bert Mulder fan Ingwierrum waard ta winner fan de test útroppen en wûn in keunstwurk fan Ids Willemsma. In soarte fan miniatuer wynmûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)