Starterswenten foar Sint Anne

07 jul 2010 - 18:18

Sint Anne is in wenwyk mei santjin starterswenten riker. Dat is opfallend, want it is in krimpregio. Dat dizze huzen doch boud binne, komt om't der hast gjin betelbere starterswenten yn Sint Anne wiene.

Foar gemiddeld in goeie twa ton kinne starters no in splinternij miljeusunich hûs keapje, midden yn it doarp. De measte huzen binne al ferkocht en guon gesinnen wenje der al.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)