Mei lawaai slút skoalle Palet

07 jul 2010 - 15:34

Lokaasje Nijlân fan basisskoalle Het Palet yn Ljouwert is definityf ticht. Woansdei wie de lêste dei. Der sitte al langere tiid te min bern op 'e skoalle. Mei in protte leven nimme 80 ferklaaide bern, fral Oranjefans, ôfskie fan de wyk Nijlân. By de lawaai-optocht binne benammen vuvuzela's te hearren.

De direksje fan ûnderwiiskoepel Proloog fynt it spitich foar de wyk mar sluting wie net te kearen. De bern wurde oer ferskate skoallen ferspraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)