Wymbrits ferrommet liening

07 jul 2010 - 12:20

Wymbritseradiel hat de startersliening ferromme. Doel is om de pleatslike ekonomy te stimulearjen en mear starters te helpen by it keapjen fan in hûs.

Oant no ta koene starters allinne in ekstra liening krije fan de gemeente as it hûs net djoerder wie as 175.000 euro. Dat is no ferhege nei twa ton. Dat betsjut dat jonge minsken maksimaal 40.000 euro earst rinteleas byliene kinne. Doarpen hoopje sa jonge gesinnen oan te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)