Twa himpkwekerijen ûntmantele

07 jul 2010 - 12:02

Yn in âlde fabryk oan de Fabryksleane yn Surch is tiisdei in hennepkwekerij ûntmantele. Der is in Ljouwerter (43)oanhâlden. Yn it fabryk stiene hast 800 planten. Yn de kweekromten leine ek spikermatten om mooglike ynkringers te ferwûnen. In bestelauto, in oanhinger, apparatuer en de planten binne yn beslach naam. De Ljouwerter sit noch fêst foar ûndersyk.

Ek yn in gebou oan de Pompmakker op It Hearrenfean is tiisdei in kwekerij fûn. De plysje siket de eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)