Plysje pakt strjitrôver op

07 jul 2010 - 11:10

De plysje hat tiisdei frou (36) út Ljouwert oanhâlden op fertinking fan strjitrôf. Se soe sneon in frou (68) út Ljouwert fan har tas berôve ha. It slachtoffer rûn mei har rollator op de Rengersleane doe't har tas stellen waard. Se foel dêrby en rekke ferwûne.

De dieder flechte fuort mar ferlear dêrby in pear ûnderdielen fan har fyts. Oan de hân fan in sinjalemint en de stikkene fyts koe de frou letter oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)