Ungelok Sigerswâld en op A7

Ungelok Sigerswâld (foto: Tino Broekstra, 112 Nederland)
Op de binnenwei yn Sigerswâld is woansdeitemoarn betiid in man swier ferwûne rekke by in ûngelok. Troch noch ûnbekende oarsaak is er mei de auto tsjin in beam riden. De man rekke beknypt. Helptsjinsten hellen him út it wrak. Hy is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.
Op de A7 by de ôfslach Tynje wie woansdei ek in ûngelok. In buske fleach oer de kop en kaam tsjin de fangrail ta stilstân. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.