Pyt: Hite dagen op komst

07 jul 2010 - 08:20

Waarman Pyt Paulusma ferwachtet foar de kommende dagen de earste offisjele 'hitegolf' fan dit jier yn ús lân. Hy seit dat we ús tariede moatte op in perioade fan seis dagen mei in temperatuer fan tusken de 27 en 31 graden.

Op guon dagen kin it sels noch waarmer wurde. Der is sprake fan in 'hitegolf' as it by it KNMI yn De Bildt fiif dagen achtermekoar waarmer is as 25 graden. Derfan moat it dan trije dagen op rige waarmer as 30 graden wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)