Pleats yn Surhuzum ôfbaarnd
Yn Surhuzum is tiisdeitejûn in leechsteande pleats oan de Miedwei folslein ôfbaarnd. De brânwacht koe net folle mear dwaan as de pleats ûnder kontrôle útbrâne te litten. De muorren dy't noch oereinstiene binne omlutsen.
Der is noch neat bekend oer in mooglike oarsaak fan de brân.