SWH-weryndieling giet troch

06 jul 2010 - 14:00

De Earste Keamer is tiisdei akkoart gien mei de fúzje fan de gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Nijefurd en Boalsert. De fraksjes fan PvdA, VVD, CDA, Christenunie, D66 en GroenLinks hawwe foarstimd. Dy partijen binne goed foar 59 fan de 75 stimmen. Tsjin de fúzje stimden SP, SGP, Partij voor de Dieren, OSF en de fraksje Yildirim.

In moasje fan de SP om pas te besluten as de provinsje him dúdliker foar of tsjin de fúzje útsprekt, waard ynlutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)