Henk Herder trener A-junioaren

06 jul 2010 - 12:30

Henk Herder wurdt trainer fan de A-junioaren by Sportklup Hearrenfean. Ferline jier wie Herder noch assistint-trainer fan Trond Sollied by de earste seleksje. Doe't Sollied dien krige, waard Herder it lêste heal jier ek al trainer fan de A-junioaren. Herder is tige wiis mei syn beneaming.

Mei de oanstelling fan Herder hat Hearrenfean de folsleine technyske stêf hielendal rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)