LTO Noard wol mear leden

06 jul 2010 - 12:24

LTO Noard wol mei minimaal 300 leden groeieaen begjint dêrom mei in ledewinaksje. De organisaasje wol syn posysje fersterkje yn ûnder oare Den Haach, sadat de boeren mear gewicht yn de skaal lizze kinne. De LTO hat op dit stuit 25.000 leden, mar dat tal rint werom.

De Lân- en Túnbou Organisaasje fertsjintwurdiget in 70 persint fan de melkfeehâlders en dus binne der boeren genôch dy't noch gjin lid binne. De LTO wol syn doel berikke mei in aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)