Soargen om bouplannen Grou

06 jul 2010 - 11:17

Omwenners meitsje har soargen oer bouplannen oan de Nesserdyk yn Grou. Dêr komme 24 keapapparteminten, ferdield oer trije gebouwen. De omwenners, foaral oan de Troelstrawei, koene wol libje mei de oarspronklike plannen, mar sizze no dat der fan alles feroare is, sûnder dat se dêroer ynformearre binne. Yn de nije plannen is minder plak foar grien en wetter.

De FNP yn Boarnsterhim freget no oan B&W hoe't it kin dat safolle feroare is oan de plannen en oft it oars kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)