Boat om streupers te pakken
De angelsportfederaasje Fryslân krijt nije wike in boat dy't ynset wurde kin op de Fryske wetters. Doel is om fiskers te kontrolearjen en streupers te pakken. De boat kin lykwols ek brûkt wurde foar promoasje-aktiviteiten.
It giet om in aluminiumboat mei in oanhingmotor dy't op in trailer stiet en dus maklik rûnom yn Fryslân ynset wurde kin.